Klompmaker twadde op WK

01 okt 2007 - 09:42

Springruter Hester Klompmaker fan Bûtenpost is op it wrâldkampioenskip foar jonge hynders twadde wurden by de 6-jierrigen. Se wie yn de barraazje mei it hynder Uranus W. krekt net fluch genôch foar it goud.

Yn de rubryk 5-jierrigen einige Hans de Vries fan Gytsjerk op it 13e plak. Mei it hynder Veldheer ried hy net sûnder flaters yn de barraazje, mar wol mei de tredde tiid.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)