Klompke bliuwt foarearst by brêgen yn Súdwest-Fryslân

04 des 2015 - 12:25
  • Brêgewippers en meiwurkers fan Súdwest-Fryslân

It karakteristike brêgeklompke giet yn Súdwest-Fryslân foarearst noch net de kast yn. Wurknimmers fan Empatec sille de kommende fiif jier de betsjinning dwaan fan fyftjin brêgen yn de gemeente. It giet yn totaal om 25 brêgewippers.

Dizze stap giet eins dwers tsjin de provinsjale trend yn. De provinsje wol al har brêgen op ôfstân betsjinje en it klompke ôfskaffe. De gemeente SWF wol júst dit persoanlike kontakt tusken de wettertoeristen en de brêgewippers yn stân hâlde en hat hjir no ek ôfspraken oer makke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)