Klompen ferriede bromfytser

29 jun 2003 - 00:00

De plysje krige yn 'e nacht fan sneon op snein in melding oer in bromfytser dy't op 'e Doanjumerwei by Ried oer de kop slein wie. Dêr oankommen seagen se inkeld in pear klompen lizzen. Dêrop belle de plysje de ambulânse ôf.

Eefkes fierderop rjochting Boer seagen de plysjes de bromfytser, in man (45) út Berltsum. Op de fraach oft er ek wat miste, antwurde de man: 'Myn klompen'. De man hie aardich wat drank op en krige in rydferbod fan 14 oeren.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)