Klompe werom by Hearrenfean

28 jul 2009 - 12:11
  • Tieme Klompe spile fan 1996-2004 by Hearrenfean

Tieme Klompe komt werom by SC Hearrenfean. De 33-jierrige âld-ferdigener wurdt assistint trainer by de B junioaren. Klompe spile fan 1996 oant 2004 yn it earste team fan Hearrenfean.

In blessuere makke in ein oan Klompe syn karriêre. Hy besocht it noch wol by RKC en FC Grins. Mar dat rûn op neat út. Klompe gie dêrnei in skoft op reis. Mar hy wol no fierder as trainer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)