Kloklieders De Fochtel lûke oan de bel

01 mrt 2015 - 16:15
  • De klokkestoel op De Fochtel
  • De klokkestoel op De Fochtel

It driget stil te bliuwen by begraffenissen yn De Fochtel. Dit komt troch in konflikt tusken de acht kloklieders fan begraffenisferiening 'De Laatste Eer' en de stichting Begraafplakken Easterwâlde en De Fochtel. It konflikt giet oer de klokkestoel op it hôf, dy't neffens de kloklieders net oan de easken foldocht.

Nei in reperaasje yn 2012 is der technysk wat feroare om feilichheidsredenen. Dêrtroch moat der no hurder oan de touwen lutsen wurde. Neffens de acht kloklieders giet dit ten koste fan de kwaliteit fan it lieden.

As der neat feroaret, hâlde de acht kloklieders der mei op. Neffens Jan Koops fan de stichting Begraafplakken Easterwâlde en De Fochtel is der neat oan de hân mei de klokkestoel en moatte de acht lieders harren technyk gewoan wat oanpasse.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)