Klokliede foar it klimaat

24 nov 2009 - 15:45
  • Alle tsjerkeklokken soene 13 desimber liede moatte

As it oan de Ried fan Tsjerken leit, dan liede snein 13 desimber middeis om trije oere alle tsjerkeklokken. It giet om in aksje yn it ramt fan de klimaattop yn Kopenhagen dy't dan hâlden wurdt.

De Ried fan Tsjerken wol sa oan de regearingslieders witte litte dat it heech tiid is om te foarkommen dat de klimaatferoaring noch fierder trochset, mei rampen as gefolch.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)