Klokkestoel yn Hoarnstersweach

28 aug 2007 - 12:31

Hoarnstersweach hat nei tritich jier wer in klokkestoel. De orizjinele betonnen klokkestoel wie yn 1978 fuorthelle om't der betonrot yn siet. Sûnt dy tiid wie it plakje njonken de tsjerke leech. De Stifting Kerkje 1621 hat it mei help fan partikulier jild foarinoar krige dat Hoarnstersweach wer in klokkestoel kriget. Dizze is fan hout. De klokkestoel wurdt tiisdei opboud. De klok komt der letter yn te hingjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)