Klokkenluiderspartij jout it op

10 okt 2006 - 17:17

De Nederlânske Klokkenluiderspartij docht dochs net mei oan de Twadde- Keamerferkiezings fan novimber. De partij fan âld-wrâldkampioen damjen Harm Wiersma en syn soan Joeri makke de dielname moandei bekend. Edwin de Roy van Zuydewijn stie op it twadde plak fan 'e list en Joeri Wiersma is listlûker.

De partij lûkt him no werom omdat se op sa'n koarte termyn gjin kâns fan slagjen hat, neffens Joeri Wiersma.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)