Klokken Rinsumageast werom

24 jan 2006 - 10:37

Twa klokken fan de herfoarme tsjerke yn Rinsumageast wurde takom wike tiisdei weromhongen. Ien fan de klokken hie in skuorke en is yntusken reparearre. Fierders wurdt de klok ferfongen dy't yn de Twadde Wrâldoarloch troch de Dútsers meinommen waard.

De tsjerketoer hat ek ûnderhâld hân. Sa is de klokkestoel reparearre, binne de bûtenmuorren foege en is it houtwurk behannele tsjin de bûnte kjifkrobbe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)