Klokken liede yn Fryslân foar start Actie Kerkbalans

16 jan 2016 - 14:42
  • Boargemaster Eduard van Zuijlen liedt de klokken yn Frjentsjer

Yn it hiele lân is hjoed om 12 oere it startsein jûn foar de jierlikse Actie Kerkbalans fan de Roomsk Katolike Tsjerke, de Protestantske Tsjerke Nederlân en de Ald Katolike Tsjerke. Dat startsein waard dizze kear dien troch it lieden fan de tsjerkeklokken.

Yn Ljouwert hongen Sander de Rouwe en Henk Kroes oan de touwen, yn Frjentsjer wie it de nije boargemaster Van Zuijlen. It tema fan de aksje is dit jier "jouw kerk inspireert".

Foar de iene is de tsjerke it markante gebou yn stêd of doarp, foar in oar dêrst in stikje rêst fynst of freonen trefst. Tsjerken krije gjin subsydzje en binne foar de ynkomsten ôfhinklik fan de opbringst fan dizze Aksje Kerkbalans en de kollekten op snein. De aksje rint oant en mei 31 jannewaris.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)