Klokken Lekkumer toer besjen

11 des 2011 - 13:32

Ynwenners fan Lekkum en omkriten koene sneontemiddei foar it earst de klokken fan de Lekkumer tsjerketoer fan tichtby besjen. It giet om twa klokken. De iene út 1512 is makke troch heit Van der Wouw en de klok út 1548 troch soan Van der Woud. Dy kombinaasje is unyk.

Besikers koene in oere lang de klokken besjen dy't yn tsjerke oer de flier stiene. In saakkundige fertelde it ien en oar. Dat koe no moai, om't de klokken werom binne fan in restauraasje yn Dútslân. De opknapbeurt hat mei in tal oare fernijings 50.000 euro koste. De klokken wurde dizze wike weromhongen yn de toer. Se moatte mei de krystdagen wer liede.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)