Klokken Ferwert wurde opknapt

13 jan 2004 - 00:00

De herfoarme tsjerke fan Ferwert hat gjin klokken mear. De trije klokken út de 14e en 15e ieu binne tiisdei fuorthelle. Se moatte opknapt wurde. Mei de restauraasje fan de klokketoer kostet dat mei elkoar 400.000 euro. Mei aksjes is 50.000 euro binnenhelle.

De klokken bliuwe sa'n fjouwer moannen yn Beieren foar de opknapbeurt. It is de bedoeling dat fan it simmer Ferwerters wer genietsje kinne fan it fertroude lûd fan de klokken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)