Klokken Dronryp wer kompleet

08 mrt 2012 - 16:21
  • De PKN ropt alle tsjerken op om te kloklieden
  • De tsjerkeklokken yn Dronryp yn 2012

Yn de tsjerketoer fan Dronryp komt nei mear as 350 jier mooglik wer in tredde klok te hingjen. Yn de toer hingje no noch twa klokken, mar der is yn de klokkestoel wol romte foar in ekstra klok. Saakkundigen tinke dat de lytse klok mooglik al yn de 80-jierrige oarloch yn beslach nommen is.

De Rykstsjinst foar de monumintesoarch wol graach de âlde sitewaasje werom. Tagelyk wurdt dan ien fan de besteande klokken ferfongen, omdat dy net moai past by de âlde grutte klok út 1493. De kosten wurde rûsd op in ton, dy sinten binne noch net binnen.

De hiele saak is oan it rôljen kaam, doe't de klokken troch in saakkundige besjoen waarden. De grutte klok fan Dronryp is getten troch Geert van Wouw, de belangrykste klokkejitter dy't Europa hân hat. Hy makke ek klokken foar de Dom yn Utrecht en foar grutte Dútske stêden as Hamburg en Ostnabrück. De âlde klok fan Dronryp is frij slim skansearre, neidat de klok ûngefear 50 jier lyn oars ophongen is. Dat wie doe nedich om de klok automatysk liede te kinnen. No sil de âlde sitewaasje wer wersteld wurde, wêrby't de klok folle minder te lijen hat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)