Klokkelieders Prader-Willi Hûs wolle ferfolging ôftwinge

28 okt 2015 - 10:45
  • It Prader-Willi Hûs yn Mûnein

De trije klokkelieders fan it Prader-Willi Hûs yn Mûnein wolle dat it Iepenbier Ministearje dochs ûndersyk docht nei mishanneling fan bewenners. De âld-meiwurkers wolle fia in artikel 12-proseduere justysje twinge dochs ûndersyk te dwaan. Earder joech it Iepenbier Ministearje oan gjin strafferfolging yn te stellen om't it net dúdlik wêze soe dat der sprake is fan misstannen.

Der soe mear ûndersyk nei dien wurde moatte, mar neffens justysje is it mar de fraach oft dat slagget, om't de bewenners ferstanlik beheind binne.

De âld-meiwurkers fine dat se it ferplichte binne oan de kwetsbere bewenners om de saak dochs troch te setten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)