Klok werom yn Spannumer toer

17 des 2013 - 11:59
  • De klok waard tiisdei wer weromhongen yn de toer fan Spannum
  • De Spannumer tsjerkeklok fan 1620
  • De reis fan de Spannumer klok troch de loft....

Yn Spannum is de monumintale tsjerkeklok fan 1620 tiisdei wer werom pleatst yn de tsjerketoer. Dit waard dien mei help fan in grutte teleskoopkraan. De klok waard yn oktober út de toer helle en is dêrnei renovearre yn Dútslân. De útsliten plakken yn de klok binne laske en der binne better útbalansearre bongels yn oanbrocht.

De tsjerketoer sels is ek opknapt, de houtkonstruksje is ophelle. De kosten fan de renovaasje binne mei-inoar sa'n 75.000 euro. It lûd fan de klok is healwei jannewaris wer yn Spannum te hearren.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)