Klok toer Toppenhuzen wer lyk

20 jul 2012 - 16:05

Ynwenners fan Toppenhúzen hawwe gjin ekskús mear om te let te kommen. De klok op de tsjerketoer docht it wer en rint lyk. Al sûnt novimber wie it stil op de hiele en heale oeren yn it doarp. De fundearring fan de klok wie oantaaste, it oerwurk wie hast oan ein en ek de klok sels wie yn gefaar.

De saak is wer opknapt en de klok docht it wer. De rest fan de tsjerke sil ek noch restaurearre wurde. Dêrfoar hat de tsjerkfâldij noch in tekoart fan in 100.000 euro.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)