Klok stil op Skiermûntseach

08 okt 2002 - 00:00

De klok op Skiermûntseach liedt fan de wike in pear dagen net. Fanwegen in ynternasjonaal keamermuzykfestival is de tsjerkeklok stilset. Der wurde nammentlik radio-opnames makke fan it festival en oare lûden moatte sa min mooglik te hearren wêze. It festival duorret oant en mei tongersdei. Oerdeis en jûns binne tal fan konserten en masterclasses.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)