Klok Skiermûntseach fan slach

28 nov 2003 - 00:00

De klok yn de Nederlânsk herfoarme tsjerke fan Skiermûntseach is woansdeitenacht op 'e rin slein. Om twa oere begûn de klok it ritme fan in trouplechtichheid te klepeljen. Dat duorre in oere.

In grut tal omwenners skrok wekker en guon bellen de plysje. Dy helle in meiwurker fan de gemeente fan 't bêd, dy't de klok stil sette. It gefolch is dat de tiidmasine fan de klok no ek stilstiet.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)