Klip Strawelte foar Hark. Boys

07 jun 2013 - 17:30
  • Strawelte

Strawelte makket freed by poppoadium Asteriks yn de Blokhúspoarte yn Ljouwert opnames foar in klip spesjaal foar fuotbalklup Harkemase Boys. Dêrnei folgje noch trije optredens.

De willepunk fan Strawelte wie yn de jierren '80 yn de Fryske Wâlden en fier derbûten tige ferneamd. Yn 1990 hâlde de groep op te bestean. Yn 2008 kamen se eefkes werom foar in koarte, súksesfolle reünytoer, mar dêrnei waard it stil. Mar de manlju kinne it dochs net litte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)