Klip rapper Remon op The Box

15 feb 2006 - 06:15

De nije klip fan de Fryske rapper Remon de Jong fan It Hearrenfean en beatboxer MoBeats is te sjen op klipstjoerder The Box. It filmke is opnommen yn Ljouwert en it kin mei in koade oanfrege wurde. It nûmer hjit 'Hou het leuk' en it giet oer feilich útgean. Yn kroegen en diskoteken yn Ljouwert wurdt de klip ek fertoand as ûnderdiel fan de kampanje fan de gemeente Ljouwert tsjin útgeansgeweld. Der komme ek live optredens.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)