Klinkerts yn plak fan asfalt yn it doarp Sweagerbosk

07 apr 2015 - 12:34
  • It asfalt makket yn Sweagerbosk plak foar klinkerts
  • De masines stean klear om it asfalt der út te skuorren

It asfalt ferdwynt út it doarp Sweagerbosk. De diken yn it doarp lizze der al in skoft fertutearze by. Ek it rioel yn it doarp moat oanpakt wurde. Al fiif jier soene de diken yn Sweagerbosk fernijd wurde, mar der wie hieltyd gjin jild foar. No is it dan dochs safier en krijt it doarp yn stee fan asfalt klinkerts.

Tiisdeitemiddei is de offisjele start fan de fernijing troch wethâlder Boerema fan de gemeente Kollumerlân. De opknapbeurt duorret oant oktober dit jier.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)