Klinkende oerwinning Cambuur

14 sep 2014 - 16:35
  • Cambuur-Grins

SC Cambuur pakte snein in 3-0 oerwinning op FC Grins. Nei in kertier wie Barthelomew Ogbeche ticht by de 1-0, mar syn kopbal waard keard. Nei rêst wie it Albert Rusnák dy't it publyk op 'e banken krige mei de iepeningstreffer. In reade kaart foar Grins soarge foar in man-mear-situaasje foar de Ljouwerters. Cambuur moast lykwols fierder sûnder Rusnák, dy't derút moast troch in hamstringblessuere.

Yn de 74e minút soarge Ogbeche foar feest mei de 2-0. Ynfaller Sander van de Streek tekene mei de tredde Ljouwerter treffer foar it slotakkoart.

De ploech fan trainer Henk de Jong stiet mei 11 punten út 5 wedstriden op in kreas tredde plak.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)