"Klink moat opstappe"

20 nov 2008 - 14:40

Minister Klink fan folkssûnens moat opstappe. Dat fynt de Ljouwerter ôfdieling fan it Hoarekabûn. De minister hat it net goed dien mei de ynfiering fan it smookferbod. Se hiene leaver hân dat it yn fazen ynfierd wie. Klink docht boppedat te min oan de kontrôle op it smookferbod.

It bûn fynt fierder dat de minister earst mar ris optrede moat tsjin de yllegale keten dêr't jonge bern skea oan 'e sûnens oprinne troch sa'n soad te drinken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)