Klimaattour troch Fryslân

22 jun 2006 - 17:29

Fryske gemeenten moatte folle minder tinke oan it jild en faker oergean op miljeu- of enerzjyfreonlike projekten. Dat waard dúdlik op de Klimaattour dy't tongersdei troch Fryslân luts.

De Fryske miljeufederaasje wol mei de tour lokale en provinsjale politisy wize op de krityske steat fan ús klimaat, mar ek op de mooglikheden dy't der foar gemeenten en provinsje lizze. De dei sette út ein mei de fisy fan Piet Paulusma op de waarferoarings.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)