Klimaatneutraal popfestival

31 jan 2008 - 15:43
  • Sinnewiken yn Fryslân (foto: Gerkje de Jong)

In klimaatneutraal popfestival is de ôfsluter fan 'e Sinnewiken yn juny. De Fryske Miljeufederaasje organisearret dat evenemint. Fjouwer gemeente kamen mei it plan en de provinsje stipet it. It doel is omtinken te freegjen foar feroarings yn it klimaat.

Njonken in popfestival komt der ek in klimaatkwis en in wedstriid foar it bêste enerzjybesparjende idee. Klimaatfreonlike bedriuwen krije in Sinnestriel, in soart karmerk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)