Klimaatneutraal nei eilannen

15 mrt 2012 - 10:39

Passazjiers dy't mei rederij Doeksen nei Flylân of Skylge farre, kinne dat no klimaatneutraal dwaan. As se fyftich sinten ekstra betelje by de boeking, kompensearje se sa foar de útstjit fan CO2.

Doeksen makket it jild fan de taslaggen oer oan it Fair Climate Fund. Dat set rûnom yn 'e wrâld projekten op om de útstjit fan CO2 te ferminderjen. Njonken de reizgerstaslach docht Doeksen noch mear foar it miljeu. De feartsjinst kompensearret ek alle oertochten dy't meiwurkers en har gesinsleden meitsje. Datbinne rûchwei fiiftûzen yn it jier.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)