Klimaatmars yn Dokkum

20 sep 2014 - 09:22

Op ferskate plakken yn Fryslân wurdt dit wykein aksje fierd foar it klimaat. Sa is der sneon yn Dokkum in klimaatmars. En dat is in dei earder as op oare plakken yn de wrâld, lykas New York en Amsterdam. Dokkum hat hjir foar keazen om't de organisaasje de sneinsrêst respektearje wol. De mars rint sneon fan it Raadhûs oer de Bolwurken en wer werom.

De klimaatmanifestaasjes wurde hâlden om't nije wike de grutte VN-klimaattop begjint yn New York. Al mei al wurde der in pear miljoen minsken ferwachte by de ferskate marsen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)