Klimaatferbettering skoallen

13 feb 2010 - 15:01

Fryske gemeenten krije hast oardel miljoen euro fan it ministearje fan ûnderwiis foar ferbettering fan it klimaat yn skoallen. It grutste diel fan it jild giet nei Ljouwert, dy krijt hast fiif ton. Fierder is der jild foar Hearrenfean, Smellingerlân, Eaststellingwerf, Wymbritseradiel, Tytsjerksteradiel en Ferwerderadiel.

Mei it jild kinne bettere fentilaasjemooglikheden yn lokalen oanlein wurde. Ek is it bedoeld foar enerzjybesparjende maatregels.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)