Klimaatboskje tsjin CO2-útstjit

14 nov 2006 - 15:13

Yn Ljouwert wurde kommende freed trije walnútbeammen plante. Se foarmje in saneamd klimaatboskje. Ljouwert is it earste plak yn Nederlân dat sa'n bosk krijt. Lânskipsbehear wol de CO2-útstjit kompensearje.

De beammen, dy't yn in trijehoeke plante wurde, moatte minsken bewust meitsje fan it klimaatprobleem. De klimaatboskjes stean symboal foar de grutte CO2-kompensaasjebosken yn East-Europa en yn 'e tropen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)