Klijnsma: "Ljouwert goed dwaande mei oanpak fan earmoede"

17 feb 2015 - 16:14
  • Steatssekretaris Jetta Klijnsma en berne-ombudsman Marc Dullaert
  • Jetta Klijnsma en Marc Dullaert wienen yn febrewaris yn Ljouwert

De gemeente Ljouwert is goed dwaande om de earmoede yn de stêd oan te pakken. Dat sei steatssekretaris Jetta Klijnsma fan sosjale saken en wurkgelegenheid tiisdei by har besite oan Ljouwert. Tegearre mei berne-ombudsman Marc Dullaert seach se by twa skoallen yn de Ljouwerter wyk Heechterp-Schieringen.

Klijnsma en Dullaert praten dêr mei bern oer bygelyks earmoede en jild. De ûnderfinings yn Ljouwert en dy yn oare steden wurde brûkt om it belied rûnom bern en earmoede oan te passen.

Steatssekretaris Jetta Klijnsma is tiisdeitejûn te gast yn Bynt. Dêr sil se ûnder oare fertelle oer har besite oan Ljouwert.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)