Kliïnteried Sionsberg stipet plan medysk spesjalisten

28 nov 2014 - 20:18
  • By De Sionsberg stiet it boerd Veni, vidi, vici

De kliïnteried fan it fallite sikehûs De Sionsberg yn Dokkum wol dat it plan fan de medysk spesjalisten om troch te gean mei in diel fan it sikehûs no in earlike kâns krijt. Neffens de kliïnteried is der nei it fallisemint in nije situaasje ûntstien dy't ek kânsen biede kin foar it plan fan de spesjalisten. Earder waard it plan 'Doorstart' net ûntfanklik ferklearre troch de direksje fan soarchgroep Pasana, wer't De Sionsberg ûnder falt. Neffens de kliïnteried kin de regio net sûnder in lokaal sikehûs.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)