Klierige Frjentsjerter oppakt

12 jul 2011 - 10:58

Yn Frjentsjer is moandeitejûn in 60-jierrige man út dy stêd oanhâlden. Hy wie mei in frou nei hús gien, mar woe doe net mear fuortgean.

De frou woe him derút ha, omdat er ferfelend waard, mar dat die er net. Hy bedrige de bewenners. De plysjes dy't him oanhâlden bedrige er mei in neilfile, dy't er yn de gauwichheid pakt hie. Doe't him dy file ôfpakt wie, koe de plysje him arresteare en meinimme mei it buro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)