Kliïntestop soarchbuorkerijen Bezinn

02 sep 2015 - 10:56
  • Soarchbuorkerij Moai Seldsum yn Oentsjerk
  • Soachbuorkerij Moai Seldsum, Oentsjerk
  • Meiwurkers fan Moai Seldsum, Oentsjerk

Stichting Bezinn, dy't de jeugdsoarch op soarchbuorkerijen regelet, hat in kliïntestop ynfierd. De stichting hat gjin jild mear om noch mear bern in plak te jaan op in soarchbuorkerij. Nei it earste fearnsjier fan 2015 wie in tredde fan it budzjet al op. Neffens direkteur Van Donkersgoed fan Bezinn komt dat trochdat de gemeenten te min jild útlutsen hawwe foar de jeugdsoarch op soarchbuorkerijen.

Bezinn wol graach yn gesprek mei Sociaal Domein Friesland, de oerkoepeljende soarchorganisaasje, om de problemen oan te pakken.

Bezinn stiet foar Boer En Zorg In Noard-Nederlân. It is ien fan de grutste organisaasjes dy't soarch op soarchbuorkerijen regelet. Yn Fryslân binne dêr 54 soarchboeren by oansletten. Op dy buorkerijen wurdt jeugd opfongen dy't thús problemen hat. Se wenje dêr, se krije les en soms kinne se oan it wurk op de buorkerij.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)