Kleurrike Fryske bydrage NK

26 jun 2011 - 17:58
  • Lieuwe en René (foto: awfoto.nl)
  • Pieter Weening baalt (foto: awfoto.nl)

De Fryske hurdfytsers René Hooghiemster, Pieter Weening en Lieuwe Westra hawwe snein op it Nederlânsk kampioenskip hurdfytsen kleur jûn oan in nijsgjirrich kampioenskip. Lang om let waard Pim Ligthart, ploechgenoat fan Westra by Vancansoleil, kampioen.

Drekt nei de start kamen Westra en Hooghiemster yn in kopgroep fan, nei ferrin, seis man. Healwei de 243 km ûntstie in nije kopgroep fan alve man, wer mei Hooghiemster en Westra mar ek mei Pieter Weening.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)