Kleurke skutting Dalstrahiem

21 okt 2009 - 06:55

De houten skutting om it bouprojekt Dalstrahiem yn Surhústerfean hinne krijt in kleur. Sa'n fyftich jongeren fan tusken de seis en achttjin jier sille de skutting nije wike woansdei ferfraaie mei graffity.

Dalstrahiem stiet yn it sintrum fan Surhústerfean en is in winkel- en appartemintekompleks. Boppe de winkels wurde 39 apparteminten boud. Heal augustus is mei de bou begûn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)