Kleureblêd Smelne's Erfskip

09 mrt 2010 - 16:53
  • Magazine tenei yn kleur

De kultuer-histoaryske stifting Smelne's Erfskip yn Smellingerlân sil syn eigen magazine tenei folslein yn kleur útjaan. Tweintich kear is it eigen blêd yn swart-wyt útbrocht, mar dizze wike ferskynt it earste 'full-color' nûmer. Ek de foarmjouwing fan it blêd mei ferhalen en foto's oer de skiednis fan Smellingerlân is fernijd.

Om't in kleureblêd mear kostet begjint Smelne's Erfskip mei in aksje om nije donateurs te krijgen. Op dit stuit telt de stifting goed 700 stipers.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)