Klemriden en bedrige

15 aug 2011 - 10:55

In 23-jierrige man út Surhústerfean en in 32-jierrige man út Sâltkamp binne yn De Haule oanhâlden foar bedriging. Se hiene in 20-jierrige automobilist út Drachten klemriden. De manlju draafden dêrnei nei syn auto. Ien fan harren hie wat yn de hân dat op in fjoerwapen like. De Drachtster ried hurd achterút en koe sa fuortkomme. Hy joech it kenteken fan de auto troch.

De plysje koe de manlju yn De Haule oanhâlde. Se hiene ynbrekkersark by harren. Dat is yn beslach naam.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)