Klem tusken bus en stoepe

28 okt 2014 - 09:52

In 4-jierrich jonkje út Drachten moast moandeitejûn nei it sikehûs nei't hy mei in skonk tusken in streekbus en de stoeprâne kaam wie. It ûngelok barde op de Tjaarda. It jonkje en syn mem wiene út de bus stapt. Op it momint dat de bus fuort ried, kaam it jonkje te fallen en rekke mei syn skonk beknypt.

Ut ûndersyk die bliken dat de bussjauffeur neat te ferwiten falt. Hoe't it mei it jonkje giet, is net bekend.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)