Kleinsman krijt goud op 5000 m

07 nov 2010 - 17:13
  • It poadium fan de 5000 meter (foto: Sportfoto.nl)

Moniek Kleinsman hat snein de 5 kilometer op it NK ôfstannen wûn. Se wie net de rapste, dat wie Jorien Voorhuis. Dy waard lykwols diskwalifisearre nei't se mei de redens oer de line gie. Achter Kleinsman (7.15,61) einige Carlijn Achtereekte mei 7.18,14. Marije Joling waard tredde mei 7.19,49.

By de Friezen gie it minder suksesfol op de langste ôfstân yn Thialf. Elma de Vries luts har werom en Maria Sterk waard fyfde mei 7.22.93.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)