'Kleindierenshows' driigje te ferdwinen

20 nov 2015 - 13:55
  • Gosse Damstra

De ieuwenâlde tradysje fan 'Kleindierenshows' wurdt bedrige. It tal leden fan de ferienings rint al jierren werom. Guon ôfdielings moasten sels hielendal ophâlde.

It grutste probleem is de fergrizing, seit Gosse Damstra, provinsjaal foarsitter fan de feriening KLN (Kleindier Liefhebbers Nederland). De oplossing hat er lykwols noch net.

Damstra siet earder by de feriening yn Boalsert, mar dizze ôfdieling hat der yn it ferline foar keazen om mei te dwaan mei de show yn Snits. Dizze Wetterpoarteshow hat dit jier 1396 ynstjoerings.

Der binne ûnder oaren kninen, kavia's, hinnen, sierfûgels en lytse kjifdieren te sjen. De show rint noch oant en mei snein 22 novimber.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)