Kleie oer ledlamp mei net mear

24 apr 2009 - 20:45
  • LedNed moat rektifisearje, fynt de rjochter

De fabrikant fan ledlampen LedNed mei net mear sizze dat de ledlampen fan de provinsje net doge. Dat hat de rjochtbank yn Ljouwert bepaald. LedNed hie sein dat de lampen fan de kampanje 'ik stap oer' fan minne kwaliteit binne en dat se mear stroom brûke as sein waard.

Neffens de rjochter hat it bedriuw net oantoand dat soks wier is. Dertroch is de goeie namme fan de fabrikant fan de lampen oantaast. LedNed moat in earder parseberjocht rektifisearje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)