Kleibeuker hellet nij wrâldrekôr mei help fan Guns N'Roses

09 des 2015 - 17:01
  • Carien Kleibeuker

In wrâldoererekôr fan boppe de 40 kilometer: reedrydster Carien Kleibeuker fan It Hearrenfean hie der yn it foar op hope. Se is út de skroeven dat it woansdeitemiddei ek slagge is op de iisbaan fan Inzell yn Dútslân. Kleibeuker ried úteinlik 40 kilometer, 569 meter en 68 sintimeter, goed 101 rûntsjes. In dikke ferbettering fan it âlde rekôr fan Maria Sterk fan Hallum, dy't 36 kilometer en 441 meter by elkoar ried yn 2005. De 37-jierrige stayer fan de Clafis-ploech toande har hiel stabyl yn de rondetiden.

"Voor mij was het eigenlijk vooral slag vinden. En maar kijken welke rondetijd daarbij komt en dat maar proberen vast te houden." Se tinkt dat it rekôr no hiel skerp stiet foar oaren om it te ferbetterjen. Sels tinkt Kleibeuker net dat se nochris it rekôr oanfalle sil.

Opfallend is dat har muzykkar in belangrike rol spile hat yn har oerwinning. Kleibreuker harke ûnder oaren nei it ferske 'Sweet Child of Mine' fan Guns N'Roses, dat har op in dreech momint der trochhinne sleepte. "Ik had niet verwacht dat dat zoveel invloed zou hebben. Dat hielp echt ontzettend."

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)