Kleasterplan by Jorwert

29 okt 2010 - 15:24
  • 'Artist impression' fan it Nijkleaster by Jorwert

De plannen foar in nij kleaster yn de omkriten fan Jorwert krije hieltyd mear stâl. Snein begjint stichting Nijkleaster mei de ferkeap fan stiennen om jild yn te sammeljen.

Wêr't it kleaster krekt komme moat is noch net bekend. It leafst ferbout de stichting in besteande pleats om ta kleaster en besinningssintrum. It kleaster moat yn de tsjerklike gemeente Westerwert komme, tichtby it Japikspaad, sadat ek pylgers lutsen wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)