Kleaster Wytgaard ferkocht

18 sep 2014 - 20:26

It kleaster fan Wytgaard is ferkocht oan de húsdokters fan Weidum en Wurdum, sy sille dêr harren praktyk en in apoteek yn festigje. Yn it kleaster sieten twa apparteminten en in tsjinstesintrum dêr't âldere minsken ferskate aktiviteiten hiene. Nei lang praten tusken alle partijen is men der úteinlik útkommen en kinne dy aktiviteiten tenei yn de parochyseal fan de Roomske tsjerke hâlden wurde.

Dat moat noch wol ferboud wurde, mar dy ferbouwing is yn de ferkeapbetingsten meinommen. De oanklaaiïng fan it nije ûnderkommen moatte se sels dwaan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)