Kleaster ferdwûn yn see

18 aug 2009 - 11:11
  • Sa moat it kleaster der útsjoen hawwe

It Odulfuskleaster dat by Starum stien hat, is ferdwûn yn see. Dat sizze ûndersikers fan de lanlike wurkgroep Archeologie Onder Water. It kleaster soe yn de achtste ieu stifte wêze by Starum en neffens de argeologen is it troch swiere stoarmen yn de Sudersee weiwurden.

Yn 1999 waard in part fan in sarkofaach fûn yn de Iselmar by Starum. Dat wie reden foar de argeologewurkgroep om ûndersyk te dwaan. Dat hat tsien jier duorre.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)