Kleaster Anjum: skuorre útbaarnd

05 sep 2006 - 08:59

By in brân yn Kleaster Anjum is moandei oan it begjin fan de middei in skuorre folslein ferlern gien. Der rekken gjin minsken of bisten ferwûne en der binne gjin gefaarlike stoffen frijkommen. Yn de skuorre wie hea opslein; ek stiene der trekkers en oar ark.

Nei alle gedachten is de brân ûntstien troch laskwurksumheden yn de skuorre. De korpsen fan Menaam en Sint Anne hawwe de brân blust.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)