Kleanwinkel Gerans hâldt op

18 sep 2013 - 11:24
  • Gerans

Kleanwinkel Gerans Jeans en Fashion yn Ljouwert hâldt op. Tiisdei is de opheffingsferkeap begûn. De winkel slút meikoarten definityf de doarren. It famyljebedriuw sit al mear as 25 jier oan de Nijstêd. Ferline jier hie de winkel te krijen mei in flinke delgong fan de omsetsifers.

Neist de tsjinfallende besikersoantallen fanwege de krisis sjocht bedriuwslieder Huub Postma ek dat hieltyd mear minsken online winkelje. Gerans hat gjin online ferkeap en mist dêrtroch omset.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)