Kleanútlien yn Bitgum siket nije opslachromte

08 jul 2015 - 16:19

De kleanútlien yn Bitgum siket in nij ûnderkommen. Famylje Kamstra út dat doarp lient al 20 jier lang ferklaaiklean út foar saken lykas toanielstikken, musicals en it iepenloftspul fan Dronryp. Yn hiel Fryslân en dêrbûten is der belangstelling foar de klean.

It probleem is allinnich dat de skuorre te lyts wurden is foar alle klean. Boppedat hat de famylje Kamstra de skuorre sels ek nedich. Se dogge dêrom in oprop foar in nij opslachplak. It iepenloftspul fan Dronryp hat hjir ek al ris omtinken oan jûn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)