Kleandieven oppakt yn Kollum

25 sep 2010 - 13:15
  • De Foarstrjite yn Kollum (foto: argyf Omrop Fryslân)

Twa ynwenners fan 32 jier út Kollum binne freedtejûn yn in winkel yn it eigen wenplak oanhâlden foar stellerij fan klean. De man en frou waarden troch it personiel fan in winkel oan de Foarstrjitte al langer yn de gaten hâlden. Doe't se derút giene, seach in meiwurkster dat de frou klean oer elkoar hinne oan hie. It twatal is doe oanholden.

De man hie ek stellen klean by him. It duo is oerbrocht nei it plysjeburo.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)