Kleandief yn Snits pakt

21 sep 2013 - 10:53
  • Snits

In 24-jierrige ynwenner fan Snits is freedtenacht oppakt nei't er by in wenning oan de Gele Lis yn syn wenplak, klean fan de waskline stellen hie. De bewenster en de plysje giene achter him oan. De Snitser is úteinlik oantroffen op it Penningkruid, dêr't er oanhâlden is. Ut ûndersyk kaam nei foaren dat de man earder op de dei de tassen fan in fyts stellen hie. De fertochte sit fêst op it plysjeburo foar fierder ûndersyk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)